Westerkertier (gemeente)

Westerkertier
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Grinslân
boargemaster Ard van der Tuuk
sifers en geografy
haadplak Súdhorn
grutste plak De Like
ynwennertal 64.806 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 177 / km²
oerflak 368,74 km²
● wêrfan lân 362,61 km²
● wêrfan wetter 6,13 km²
tal doarpen 41
ferkearsieren A7 N355
Spoar fan Harns nei Nijeskâns
skiednis
oprjochte 2019
Oant 2019 Súdhorn
De Like
Mearum,
Gruttegast,
Winsum (foar in part)
oar
netnûmer 0594
postkoade 9350, 9351, 9363, 9800, 9801, 9860, 9861
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.westerkwartier.nl
Kaart fan Westerkertier
Gemeentehûs yn Súdhorn is de gearkomstelikaasje fan de gemeenteried
Gemeentehûs yn Gruttegast is it sit fan it kolleezje fan b. en w.
Dizze side giet oer de hjoeddeistige gemeente. Foar it histoaryske gea, sjoch: Westerkertier.

De gemeente Westerkertier is sûnt 1 jannewaris 2019 in gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie troch gearfoeging fan de eardere gemeenten Súdhorn, Gruttegast, Mearum en De Like. De gemeente komt foar it measte oerien mei it gea Westerkertier. Dêrnjonken is ek in diel fan de eardere gemeente Winsum by it Westerkertier foege, de rest fan dy gemeente waard yndield by de ek yn 2019 ûnstiene gemeente It Hegelân (Het Hogeland). It gemeentehûs fan de gemeente Westerkertier stiet yn Súdhorn. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 in ynwennertal fan 64.806 (boarne: CBS).


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search